Needwaar lûkt oer Fryslân hinne en soarget foar problemen

Der lûkt tongersdeitemiddei needwaar oer de provinsje Fryslân hinne. Der komme ûnder oare berjochten binnen oer hagelstiennen sa grut as pingpongballen yn Boalsert en Snits.
Unwaar by Koarnwerdersân © Rudy Bouma
Pyt Paulusma oer it tongerwaar
It gebiet mei hagel en tonger lûkt stadichoan oer de provinsje hinne, dus wy moatte rekken hâlde mei in langere perioade fan min waar, seit waarman Piet Paulusma. Ek it ferkear docht der neffens Paulusma goed oan om syn rydgedrach oan te passen. "De kommende oeren is it gefaarlik waar, mei min sicht."
Yn it súdwesten fan Fryslân is yn in kertier tiid mear as 25 milimeter delslach fallen, sa meldt Weeronline. En der liket noch mear wetter by te kommen, want der ûntsteane hieltyd wer nije buien en reingebieten. Dizze ûntsteane boppe Gelderlân en Oerisel, en se lûke rjochting it noarden.
By de Langhoekspôle by It Heidenskip hat de brânwacht twa minsken út it wetter helle. Har boat wie omslein. De twa meitsje it nei omstannichheden goed. It boatsje sels driuwt no yn de rjochting fan Wâldsein, sa meldt de brânwacht.
© R. Zonderland
Yn Drachten is swimbad De Welle ticht fanwege wetteroerlêst. Ek skoallen yn Drachten hawwe lêst fan in it rûge waar. Sa oerstreame dakgoaten. De tredde dei fan de Avondvierdaagse giet ek dêr net troch.