Tolve jier sel easke foar deadlike sjitpartij Easterwâlde

31 maaie 2018 - 15:27

Tsjin in man (59) út Easterwâlde is tongersdei tolve jier sel en tbs mei twangferpleging easke, fanwege in deadlike sjitpartij, augustus ferline jier yn in hûs oan de Stegingawei yn Easterwâlde. Neffens justysje hat de man it slachtoffer (51) mei opsetsin deasketten.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De manlju soene spul hân ha oer de hier fan it hûs , dat eigendom wie fan it slachtoffer en dêr't de fertochte wenne. It slachtoffer waard rekke troch trije kûgels. Neffens de fertochte kaam de oare man mei it pistoal op him ôf. Yn de wrakseling tusken beide manlju soe it fjoerwapen doe in pear kear ôfgien wêze. De offisier fan justysje leaut neat fan dat ferhaal. De fertochte soe al earder oankundige ha dat er it slachtoffer deasjitte soe.

Saakkundigen ha tbs mei betingsten oanret, mar dat kin allinne mar yn kombinaasje in selstraf fan op syn meast fiif jier. Mar dat wie foar de offisier fan justysje gjin inkelde opsje. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)