Problemen by begjin festivalseizoen yn Griene Stjer-gebiet

31 maaie 2018 - 15:23

De festivals yn it Griene Stjer-gebiet soargje foar problemen by kioskhâlder Alex Leistra. Se wolle net dat de kiosk iepen is fanwege kontrakten dy't sletten binne mei de leveransiers. Kioskhâlder Alex Leistra mist dêrtroch in soad ynkomsten. Ek rekreanten binne net bliid dat se dan net op it strân lizze kinne.

Ik moast dit jier al jild liene by myn âlders en dat is net leuk fansels.

Alex Leistra, kioskhâlder

Leistra hat tongersdei in petear hân mei de gemeente Ljouwert. Hy hat der fertrouwen yn dat der in oplossing komt foar dizze sitewaasje.

Tiisdei wurdt begûn mei de bou fan it Promised Land Festival. It is de opmaat foar in simmer lang festivals yn it Griene Stjer-gebiet. Net elkenien is der bliid mei dat it Griene Stjer-gebiet op dizze wize brûkt wurdt.

De Griene Stjer yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

It is skande, want it is moai plakje om te sitten.

Femke van der Meulen

Femke van der Meulen en Jetty van den Berg sille sels ek nei in festival yn it gebiet ta dizze simmer, mar binne der dochs net bliid mei dat it strân ôfsletten is. In paskleare oplossing ha de froulju lykwols net. "Miskien kin dit swimplak gewoan iepen bliuwe, of kin it festival op in oar plak trochgean."

(advertinsje)