Poiesz docht proef mei sigaretten út it sicht

31 maaie 2018 - 14:57

Supermerkketen Poiesz docht in proef mei it út it sicht hâlden fan sigaretten en sjek. De proef wurdt dien yn in tal winkels fan de Fryske supermerkketen. Poiesz folget de maatskiplike diskusje oer it smoken, dy't der op 't heden is, seit in wurdfierder.

Supermerkketen Lidl hâldt op mei it ferkeapjen fan smokerij yn syn Nederlânske winkels. Dêr lizze de sigaretten en sjek sûnt ferline jier al út it sicht. Neffens Lidl rint de ferkeap werom en kin it net mear út.

Trefwurden: 
Poiesz smoken Lidl
(advertinsje)
(advertinsje)