Akke Marije wol de Dútske merk feroverje

Se reizget de hiele wrâld oer, foar in brulloft docht se Texas efkes oan, se plakt der noch wat dagen oan fêst en dan is Monako oan bar. Dêr wie se foar it wurk, mar ek har nije grutte leafde wie dêr.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
"Ik wie flakby Monako, foar in shoot, en ha dêr myn freon opsocht. Hy wie dêr foar de Grand Prix mei Max Verstappen." Har freon hyt Sander en hat in eigen bedriuw yn frisdrinken. "We ha no in healjier en it giet hartstikke goed. Hy giet ek oer de hiele wrâld oer en begrypt dat ik dat ek doch. Dêr ha ik in grutte steun oan."
Mei har modellekarriêre giet it ek goed. "Ik genietsje der o sa fan. Meikoarten sil ik nei myn buro yn Dútslân om minsken te moetsjen en mei har te praten. Ik wol de Dútske merk feroverje. Ik bin in kommersjeel model en Dútslân hat in soad klanten dy't by my passe kinne. It is in goede stap om der hinne te gean foar wurk. Bygelyks foar in website of in kampanje, it is hiel breed en kin alle kanten út."
Ik sit der hielendal yn.
Akke Marije Marinus
Akke Marije Marinus
Elke dei is wer spannend. "We hearre pas in dei fantefoaren wat ús de oare deis te wachtsjen stiet." Mei har stúdzje is se even ophâlden. "Ik moast de knop omsette, mar dit is in unike kâns en moat derfan genietsje en helje der it bêste út. Ik sit der hielendal yn. It is sa leuk om te dwaan, skoalle kin ik letter wol wer oppakke."
Dit model út Boarnwert wûn ein 2016 Holland's Next Top Model.