Marrit Jasper mei Nederlânsk follybalteam nei winst

31 maaie 2018 - 13:53

It nasjonale frouljusfollybalteam hat woansdei maklik wûn fan Súd-Koreä. De setstannen wiene 25-18, 25-10 en 25-12. De Snitser follybalster Marrit Jasper mocht de hiele tredde set spylje en liet in goede yndruk achter. Troch in killblock soarge se yn de tredde set foar it lêste punt.

Marrit Jasper fóar de wedstryd - Foto: TeamNL

De Oranje-froulju spylje tongersdei yn Apeldoorn tsjin Brazilië, dat krekt as Nederlân noch mar ien kear ferlern hat yn de Volleyball Nations League.

(advertinsje)
(advertinsje)