Opsterlân hat in koälysje-akkoart

31 maaie 2018 - 13:10

Opsterlands Belang, PvdA en ChristenUnie hawwe in koälysje-akkoart berikt. Mei de titel 'Brêge nei de takomst' wolle de partijen de kommende jierren de gemeente Opsterlân fierder ûntwikkelje op it mêd fan duorsumens, leefberens en mienskip.

It gemeentehûs fan Opsterlân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De koälysje wol dat dwaan yn oparbeidzjen mei de ynwenners, bedriuwen, ferieningen en maatskiplike partners. Om de trije spearpunten goed oan te pakken, binne foar alle trije punten projektwethâlders oanwiisd.

Yn it akkoart stiet dat de gemeente Opsterlân yn 2035 enerzjyneutraal wêze wol. Dêrfoar moat hûndert hektare oan sinnepanielen pleatst wurde. Fierder wol de koälysje op in oare wize mei de doarpen gearwurkje en de kosten binnen it sosjaal domein ûnder kontrôle krije. Der wurdt ûndersocht oft der in Sportbedriuw en in eigen Wurkbedriuw komme kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)