Skeel oer Sneupersmerke op It Hearrenfean

31 maaie 2018 - 13:07

De gemeente It Hearrenfean krige tongersdei fan de rjochter in tik op de fingers oer it konflikt mei de Sneupersmerke.

De Ried fan Steat wegere om de ûndernimmer fan de Sneupersmerke wer in twangsom op te lizzen. De gemeente fynt dat der yn de trije hallen fan de ûndernimmer produkten ferkocht wurde dy't net tastien binne.

Neffens de Ried mei de ûndernimmer hjir wól produkten ferkeapje dy't ek yn syn boumerk en túnsintrum ferkocht wurde.

De gemeente wol foar álle ferkeap in twangsom oplizze. De gemeente hâldt hjir oan fêst en wol ek net yn oerlis mei de ûndernimmer. No't de twangsom foar álle ferkeap ôfwiisd is, wol de ûndernimmer de Sneupersmerke wer sa gau mooglik iepenje.

(advertinsje)