Plysje freget noch mear tsjûgen oer mishanneling Frou Rock

31 maaie 2018 - 12:39

De fjouwer fertochten fan de mishanneling fan in twilling op it Frou Rock-festival binne heard troch de plysje en yntusken wer frijlitten. Se bliuwe wol fertochte yn dizze saak. It giet om mannen yn de leeftiid fan 26 oant 30 jier. Trije fan harren kommen út Froubuorren, dêr't it festival wie, en ien út Stiens.

Jelle de Haan, in dei nei de mishanneling - Foto: Omrop Fryslân

Oer de oanlieding fan de mishanneling is de plysje noch net folle wizer wurden. "We ha mei in soad minsken praat dy't op it feest oanwêzich wienen, mar oer de oarsaak is noch neat bekend," fertelt plysjewurdfierder Anne van der Meer. Ien fan de ferhalen is dat it om in wraakaksje gean soe.

"Der geane wylde ferhalen, mar we binne oan it útsykjen wat him eksakt ôfspile hat. Dêrom dogge we noch wer ris in oprop foar tsjûgen om har te melden." De plysje tinkt noch wol in skoft mei de saak dwaande te wêzen. "We moatte helder krije wat der bard is en wat de oanlieding west hat."

(advertinsje)