Tonger, rein en hagel; it KNMI jout koade oranje ôf

31 maaie 2018 - 12:22

It KNMI warskôget tongersdei opnij foar swiere rein- en tongerbuien. Der kin lokaal yn koarte tiid in soad reinwetter falle (oant 40 milimeter) en der is kâns op twa sintimeter hagel. Fierders warskôget it waarynstitút foar ynslach fan it wjerljocht en wynstjitten oant 60 kilometer yn 'e oere. Ferkear en bûtenaktiviteiten kinne hjir oerlêst fan ûnderfine. Der wurdt dêrom oproppen om iepen wetter te mijen en net ûnder beammen te skûljen. De wârskoging jildt oant tongersdeitejûn njoggen oere.

Koade oranje

Foar it Iselmargebiet jildt koade oranje. De buien dy't dêr ferwachte wurde binne noch fûler as yn de rest fan it lân.

Avondvierdaagse

Ek Piet Paulusma warskôget foar flinke tongerbuien. "Stadichoan krûpe de buien ús kant op út it suden wei. Dêrom in warskôging foar wettersporters en foar minsken dy't de Avondvierdaagse rinne."

Trefwurden: 
tonger koade giel rein
(advertinsje)