Stakende bussjauffeurs biede Arriva petysje oan

31 maaie 2018 - 12:15

Sa'n 100 oant 150 stakende bussjauffeurs fan Arriva ha tongersdei om 12.00 oere in petysje oanbean by it haadkantoar fan it ferfiersbedriuw op It Hearrenfean. De sjauffeurs wolle hjirmei harren aksje foar in nij cao-akkoart krêft by sette.

De dielnimmers komme út Harns, Dokkum, Ljouwert, Drachten, Snits, Easterwâlde en It Hearrenfean. Yn de petysje stiet krityk op de wize wêrop't it iepenbier ferfier oanbestege wurdt tsjintwurdich.

De neidruk op lege kosten en efficiency soarget foar hege wurkdruk en te krappe roasters. De sjauffeurs wolle dêrom dat der njonken in leansferheging hurde ôfspraken makke wurde oer skoft en rydtiden.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
(advertinsje)
(advertinsje)