Foar skea troch sâltwinning komt in skeafûns

31 maaie 2018 - 12:04

Yn Winaam binne de minsken bliid: nei fjirtjin jier striid komt der lang om let in 'Landelijk Instituut Mijnbouwschade'. Dêr kinne minsken mei skea troch sâltwinning har melde. Minister Wiebes fan Ekonomyske Saken hat bekend makke dat er dwaande is mei de oprjochting fan sa'n ynstitút.

Winaam - Foto: OPB, Johan en Wiepie

Dat is nedich, omdat sâltwinningsbedriuwen as Frisia yn Harns yn it ferline ûnfoldwaande rekken hâlden mei de risiko's fan de sâltwinning foar de omjouwing. Dat skriuwt it Staatstoezicht op de Mijnen yn in kritysk rapport oer de sâltwinning.

Yn Winaam witte se dêr oer mei te praten, want tritich gebouwen yn it doarp en ek de tsjerke krigen skuorren yn de muorren as gefolch fan dy sâltwinning troch Frisia. Rinze Post fan Stichting Winamer Belang reizge geregeld nei Den Haag om te pleitsjen foar skeafergoeding.

Reparearre skuorre yn it wenhûs fan Rinze Post yn Winaam - Foto: Omrop Fryslân

Rinze Post fan Winaam oer op te rjochtsjen skeafûns

Trefwurden: 
sâltwinning Winaam
(advertinsje)
(advertinsje)