'Jurgen Streppel mooglik nei VVV Venlo'

31 maaie 2018 - 11:56

VVV-Venlo soe Jurgen Streppel hawwe wolle as nije haadtrainer. Dat skriuwt deiblêd De Limburger. Streppel wie de ôfrûne twa seizoenen de trainer fan SC Hearrenfean. By VVV soe er Maurice Steijn opfolgje. Dy wol nei in bûtenlânske klup. Streppel hat woansdeitejûn om tafel sitten mei de algemien direkteur en technysk manager fan de nûmer 15 fan de earedifyzje fan it ôfrûne seizoen.

Trefwurden: 
fuotbal Jurgen Streppel
(advertinsje)