Friezen meitsje har soargen oer betelberens soarch

31 maaie 2018 - 11:14

Goed ien op de trije Friezen makket him soargen oer de betelberens fan de soarch yn de takomst. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau, it FSP, ûnder goed twatûzen leden fan it Panel Fryslân. Opfallend is dat benammen minsken ûnder de 65 jier soargen ha oer de betelberens, beskikberheid en kwaliteit fan de soarch yn de takomst. Sy fine ek dat de soarch derop achterút gien is yn de ôfrûne fiif jier. Om kosten te besparjen, kieze minsken derfoar om minder of gjin soarch te brûken.

Foto: ANP

De measte Friezen fine dat se goed sûn binne. Ek hawwe se fertrouwen yn de kwaliteit fan de soarch. Kwetsbere groepen fine it lestich dat se hieltyd mear sels regelje moatte foar har soarch. It giet dan faak om minsken mei in beheind sosjaal netwurk.

Hast alle Friezen binne dwaande mei in sûne libbensstyl. Hast trijekwart besiket genôch minsken om har hinne te sammeljen dy't help biede kinne as se letter soarch nedich ha. Mear as de helte fan de Friezen tinkt net nei oer saken as oanpassingen oan de wenning mocht dat letter nedich wêze, of it sparjen foar soarch. As minsken âlder wurde, binne se hjir wol mear mei dwaande.

(advertinsje)