Troch sâltwinning kinne der sinkholes ûntstean

31 maaie 2018 - 10:21

Sâltwinningsbedriuwen lykas Frisia yn Harns hâlde net genôch rekken mei de risiko's fan harren aktiviteiten foar de omjouwing. Se sjogge foaral te min nei de gefolgen fan sâltwinning op de lange termyn. Dêrtroch is der kâns op sinkholes, djippe kûlen troch fersakkingen. Dat konkludearret it Staatstoezicht op de Mijnen yn in rapportaazje oer de sâltsektor yn Nederlân.

Frisia Sâlt yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Neffens de tafersjochhâlder binne de bedriuwen Frisia, AkzoNobel en Nedmag benammen dwaande mei it reagearjen op kalamiteiten. Grutte ynsidinten ha der noch net west. Mar yn Noardwest-Fryslân is der wol sprake fan boaiemdelgong troch sâltwinning.

Trefwurden: 
Frisia sâlt
(advertinsje)