Kollum: "Fertrouwen"

"Dizze wike wie yn it nijs dat 'we' mear fertrouwen ha yn 'e meiminske, plysje en polityk. It CBS hat ûndersyk dien nei it fertrouwen dat de Nederlânske befolking hat yn oaren en yn ynstitúsjes. Dat dogge se sûnt 2012, doe wie it fertrouwen yn de meiminske 58,5 persint. En by de lêste peiling, yn 2017, wie dat oprûn oant 62,2 persint. In moaie stiging, en dus kopte bygelyks De Volkskrant: 'Zo'n mopperend land zijn wij helemaal niet'.
De Toan fan Botte Jellema
Botte Jellema © Omrop Fryslân
Dêr kin ik as kollumnist fansels hielendal neat mei, mei optimisme. Ik moat al wat te seuren ha. Dus ha ik wat yn dy sifers fan it CBS fûn, dat hielendal net sa posityf is. Nammentlik it fertrouwen yn de parse. Ek is it al dy fiif jier dat dit ûndersyk rint, stabyl min. Hearlik, no kin ik as kollumnist en ûnderdiel fan de parse efkes lekker los gean.
Want dit is in minne saak. De parse is in belangryk ûnderdiel fan de demokrasy. It hat in kontrolearjende funksje, en wurdt wol ris sjoen as de fjirde macht, neist de trias politica. Dus neist de wetjaande macht, de útfierende macht en de rjochterlike macht, hat in goed funksjonearjende demokrasy ek in sûne parse. Dy ha gjin macht yn de sin fan parlemint, regearing of rjochters, mar stelle ûnrjocht oan 'e kaak, wrotte yn tsjustere saken en iepenbiere misstannen.
Wat docht de parse dochs ferkeard, yn 'e eagen fan Nederlanners? Wrotte we tefolle yn saken dêr't de Nederlanners sels fan fine dat dit net hoecht? Dogge we ús wurk net goed? Of binne we tefolle ôfdreaun fan de kearntaken? Mei tefolle romte foar bysaken as sport, achterklap en mieninkjes sa-as yn dizze kollum?
Der is in grut ferskil yn fertrouwen yn de parse ast sjochst nei opliedingsnivo; minsken dy't op syn heechst vmbo of basisûnderwiis ha, sitte mei harren fertrouwen ûnder de tritich prosint. By hbo'ers is it sa'n 35 persint en by wo'ers is it rom 40 prosint. De leechst oplate minsken ha sels yn neat minder fertrouwen as de parse.
Ik moast tinke oan in tweet fan Arjan Noorlander, EU-korrespondint fan de NOS. De NOS brocht fan 'e wike it nijs dat de Frânske ôfdieling fan de fraksje in it Europeesk Parlemint dêr't de PVV ek by heart, deklaraasjes yntsjinne hat foar hûnderten sjampanjeflessen, djoere diners en kado's. Se ha neffens akkountants mear as fjouwer ton tefolle ferbrast. De NOS sette by it stik dat de PVV it skandalich fynt, mar Arjan, de boadskipper, krige op twitter de bekende stoarm fan neo-rjochts: dy ferrekte linkse NOS altyd mar kritysk oer de PVV. Ho even, sei Arjan, ik bin mar de boadskipper. Do kinst dit net leuk fine, mar it is bard, wy fertelle it, en boppedat, we bringe ferlykbere skandalen by oare Europeeske parlemintsfraksjes like goed. Sjoch it mar nei.
Mar asto oanhinger bist fan de PVV, dan fynst dit net leuk om te hearen. Dat begryp ik hiel goed, en ik kin ek wol begripe datsto dan net safolle fan de NOS ha moast. Want dy bringe no ien kear dit soarte fan ferhalen, of dy no oer nuvere listlûkers fan de Rotterdamske PVV gean, oer it einleaze gerotsoai by 50PLUS of oer de dizige appartemintsjes fan D66-lieders. Parse bringt nijs, en nijs is dat wat ôfwykt fan it gebrûklike, en der is altyd in partij dy't dat net befalle sil. It is allinnich al in wat simpele reaksje om dan de boadskipper te fermoardzjen. It berjocht dat Arjan bringt feroaret dêr echt net om.
Arjan, ús kollega's en ik dogge dus wurk dêr't mar in bytsje fidúsje yn is. Dat fyn ik wier spitich en ûnterjochte; hoechst ús net leuk te finen, mar dat soe fertrouwen dochs net yn 'e wei stean moatte yn dizze tiden fan nepnijs op sosjale media, en sykmasines op ynternet dy't dy altyd gelyk jouwe. In goeie sjoernalist docht syn wurk net om leuk of aardich fûn te wurden. Dy skopt oeral tsjinoan, omdat dat in funksje hat, yn de demokrasy, ast wolst. Dus dêrom seur en sanikje ik hjir op dit plak foarearst noch mar even troch."