Ljouwert tredde op kultureel mêd yn Atlas voor Gemeenten

30 maaie 2018 - 23:15

De nije Atlas voor Gemeenten is woansdeitemiddei yn Ljouwert útrikt. It tema fan de atlas wie dit jier kultuer. Ljouwert helle dêrby it tredde plak. Amsterdam stie op it earste plak, Maastricht op twa.

Teater de Harmonie yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Dat Fryslân en Ljouwert sa heech stean op de lanlike list komt trochdat de provinsje en de stêd in hiel soad te bieden ha op it mêd fan kultuer foar de ynwenners, seit de direkteur fan de Atlas voor Gemeenten, Gerard Marlet.

Het is een heel gevarieerd aanbod in Fryslân

Gerard Marlet, direkteur Atlas voor gemeenten

Marlet: "Dit komt doordat er heel veel monumentale dorpen en steden zijn in de provincie en door het aantal monumenten in de Leeuwarder binnenstad. En ook andere sectoren, Fryslân heeft een grote traditie van podiumkunsten en theater, en ook beeldende kunst en letteren zijn hier goed vertegenwoordigd. Het is een heel gevarieerd aanbod."

Gerard Marlet, direkteur Atlas voor gemeenten

Grutsk

Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert wie tige tefreden mei it tredde plak fan Ljouwert: "Do sjochst dat Ljouwert, en eins hiel Fryslân, in hiel soad te bieden hat oan de minsken. Dêr binne wy grutsk op."

Wethâlder Sjoerd Feitsma

Trefwurden: 
Ljouwert Gemeente-atlas
(advertinsje)
(advertinsje)