Hynder en twa opsittenden bedarre ûnder karre yn it wetter yn Hijum

30 maaie 2018 - 22:46

Yn Hijum binne woansdeitejûn twa minsken út it wetter helle. De twa wienen mei in hynder en wein ûnderweis op de Brédyk. It hynder is mooglik skrokken fan fytsers en gie op de loop. It bist rekke te wetter en de beide opsittenden bedarren ûnder de karre.

De brânwacht en dûkers waarden oproppen, mar omstanners hawwe de minsken út it wetter helle. Ien fan harren is foar kontrôle nei it sikehûs brocht. It hynder is séls út de sleat kaam en ûndersocht troch in bistedokter.

Trefwurden: 
Hijum hynderriders
(advertinsje)
(advertinsje)