Kommende dagen gjin útstjoering Radio Spannenburg troch tongerynslach

30 maaie 2018 - 22:12

Harkers fan it programma 'Muzikaal onthaal' fan Radio Spannenburg hearden tiisdei ynienen rûs op de line. Dat kaam troch tongerynslach yn de stjoermêst fan it lokale radiostasjon, dy't yn Balk stiet. Dêrom kin Radio Spannenburg de kommende dagen net útstjoere.

Foto: Radio Spannenburg

Om wer útstjoere te kinnen, moat earst in reparaasje útfierd wurde. De skea is behoarlik, fertelt Lucas Hoogkamp fan Radio Spannenburg: "It falt ús al in bytsje ôf, ja. De fersterker is skansearre, it mingpaniel hat skea oprûn, lykas twa kompjûters. Dêrneist leit it ynternet derút en docht de telefoan it neat mear."

Mar hoe no fierder? Der hat al in monteur by west om nei te sjen. "Mar se moatte boppe-yn de mêst om te sjen hoe't de antenne derfoar stiet en oft de kabels noch goed binne", seit Hoogkamp. "We moatte it allegear noch in bytsje besjen."

"It sil ús as omrop ek wat sinten kostje."

Lucas Hoogkamp fan Radio Spannenburg

Lucas Hoogkamp fan Radio Spannenburg

En de sinteraasje is ek noch net samar klear, leit Hoogkamp út. "De fersekering freget altyd hoefolle't it no noch wurdich is. En der is apparatuer by dy't we al in skoftke brûke. De deiwearde sil net heech genôch wêze om alles wer as nij te keapjen, dus it sil ús as omrop ek wat sinten kostje."

Mar Hoogkamp hat ek goed nijs foar de harkers: "We dogge der alles oan om te sjen dat we sa gau as mooglik wer yn de loft binne."

(advertinsje)
(advertinsje)