Sander Arends kin net stunte yn dûbeldspul op Roland Garros

30 maaie 2018 - 20:09

De Fryske tennisser Sander Arends hat mei syn dûbeldpartner Adil Shamasdin út Kanada net foar in stunt soargje kinnen yn de earste ronde fan Roland Garros. It as twadde pleatste duo Oliver Marach (Oastenryk) en Mate Pavic (Kroäsië) wie mei 6-2 en 6-2 te sterk.

It wie it debút fan Arends op Roland Garros. De Ljouwerter wie de earste Fries ea dy't meidie oan it haadtoernoai fan dit grandslamtoernoai. Ferline jier makke er syn debút op Wimbledon.

(advertinsje)