Meindert Talma mei syn skriuwwurk nominearre foar Halewijnprijs 2018

30 maaie 2018 - 19:36

Skriuwer en muzikant Meindert Talma fan Surhústerfean is nominearre foar de Halewijnprijs 2018. De Halewijnprijs is de literatuerpriis fan de stêd Roermond en wurdt alle jierren útrikt oan in literêr talint, dat neffens de sjuery mear belangstelling fertsjinnet.

Foto: Omrop Fryslân

Meindert Talma makket sûnt healweis jierren 90 muzyk, mar bringt ek al tweintich jier lang boeken út. Syn lêste skriuwwurk is fan ferline jier. Je denkt dat het komt kaam yn novimber út by útjouwerij Passage. Dat hearde by in muzykalbum mei deselde titel.

No is er ien fan de seis nominearren foar de Halewijnprijs. De oare fiif binne Mathijs Deen, Hans Dekkers, Emily Kocken, Bart Koubaa en Peter Lenssen.

De Halewijnprijs bestiet út in jildpriis fan 1500 euro en in brûnzen byld. De edysje fan 2018 is de 32e en de winner wurdt yn jannewaris 2019 bekendmakke. Dy kin de priis op 31 maart 2019 yn Roermond yn ûntfangst nimme.

(advertinsje)