LIVE: de grutte IepenUP pubkwis

30 maaie 2018 - 19:22

Fragen oer muzyk, nijs, films, skiednis, polityk en popkultuer: alles komt foarby yn de IepenUP pubkwis. Elkenien is wolkom yn poppoadium Neushoorn om mei te dwaan en meisjen kin fansels ek online fan 20.00 oere ôf fia de livestream hjirboppe.

Foto: Omrop Fryslân

Priis: in reis foar twa persoanen nei Reykjavík

Elkenien kin meidwaan: do hoechst dy net yn it foar op te jaan foar de pubkwis. En wêrom is de priis in reis nei Yslân? Om't it de wike fan it Forum on European Culture is, mei as tema 'Act for democracy'. En yn Yslân hawwe se it âldste parlemint fan de wrâld; it Althing, oprjochte yn 930.

Kwis ûnderwerpen

Jûn wurdt de kunde fan aktualiteiten, demokratyske rjochten en hoe't frijheid, gelikenens en bruorskip hjoed-de-dei der foar steane test. Dêrneist steane der fansels tema's as muzyk, nijs, film, skiednis, polityk en popkultuer sintraal. De muzyk wurdt fersoarge troch FATA BOOM.

Alles kin yn IepenUP

Diskusje, optredens, lêzingen, fideo's en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei syn allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

Trefwurden: 
IepenUP pubkwis
(advertinsje)
(advertinsje)