Trije Ljouwerter fertochten wer fêst foar kokaïnehannel
Trije fertochten, dy't eader yn frijheid steld wienen yn in grut kokaïne-ûndersyk yn Ljouwert, sitte wer fêst. Dat hat de rjochtbank woansdei besletten nei in foardering fan it Iepenbier Ministearje.
De mannen komme út Ljouwert en binne 25, 36 en 30 jier. Se wienen earder frijlitten op betingst dat se gjin strafbere feiten dwaan soenen. Ut plysje-ûndersyk die bliken dat it trio de lêste wiken wer oan it kokaïne-dealen wie. It IM hat dêrop de skorsing fan de foarriedige hechtenis, opheft. Se sitte no fêst oant de sitting.
Sitting
De saak komt op 11, 12 en 13 juny foar. Ek oare fertochten moatte foarkomme.
Yn maaie 2017 die de plysje yn sân wenningen en in bedriuwsgebou oan de Apolloweg ynfallen. Oerlêst fan de hannel late ta it ûndersyk. Der binne doe acht minsken oanhâlden en der is beslach lein op tsientûzen euro's, twa automatyske fjoerwapens, munysje, auto's, in speedboat en twa scooters.