Skjinmakkers by Van der Valk tefreden oer wurk

30 maaie 2018 - 17:01

De skjinmakkers yn de Van der Valk-hotels binne tefredener oer harren wurkomstannichheden. Koartlyn die nei ûndersyk fan it fakbûn CNV, ûnder oare yn de hotels yn Ljouwert en Snits, bliken dat der flink wat mis wie by it wurk yn de hotels.

Foto: ANP

De skjinmakkers, dy't wurkje foar útstjoerburo Jacquet & de Groot, klagen ûnder oaren oer de te hege wurkdruk en tekoart oan oplieding. In ferrassingsbesite fan it fakbûn oan ferskate Van der Valk-hotels befêstige dat byld.

It skjinmakbedriuw wie earst net bliid mei it ûndersyk fan it fakbûn, mar de ôfrûne moannen binne der goede ôfspraken makke oer ferbetteringen. Sa is in tiidsdruk-ûndersyk hâlden en krije alle wurknimmers ferplichte in oplieding. It CNV ropt Van der Valk noch wol op om ek de 'Schoonmaak-code' te ûndertekenjen, foar in goede en earlike behanneling fan hotelskjinmakkers.

Trefwurden: 
CNV Van der Valk skjinmakkers
(advertinsje)
(advertinsje)