'Belevingsflecht' fan Boeing fertrage troch technysk mankemint

30 maaie 2018 - 16:33

De spesjale testflecht foar lûdshinder fan Lelystad Airport is woansdeitemiddei fertrage troch in technysk mankemint. It wie de bedoeling dat de flecht om 15.30 oere begjinne soe, mar neffens it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat wurdt dat letter, om 17.00 oere. Der is in oar tastel ynset.

Doel fan de flecht is bewenners ûnderfine te litten hoefolle leven oft de fleanprosedueres om Lelystad hinne opleverje, as dêr fan 2020 ôf fakânsjeflechten útfierd wurde. By dizze 'belevingsvlucht' wurde alle oankommende en fuortgeande rûtes om Lelystad Airport hinne ien kear flein en komt it tastel boppe in diel fan ûnder oare Fryslân en Grinslân oer.

(advertinsje)