Wenning yn Rotsterhaule ôfsletten nei oantreffen himpkwekerij

30 maaie 2018 - 16:26

In wenning mei stâl oan de Kampweg yn Rotsterhaule mei sletten wurde. De Ried fan Steat hat dêr tastimming foar jûn oan de boargemaster fan De Fryske Marren. It hûs giet trije moannen op slot om't de plysje dêr in grut tal himpplanten fûn hat.

Hennepkwekerij - Foto: Pixabay

De Ried is it dermei iens dat de planten net inkeld foar eigen gebrûk wienen. Meardere minsken út de buert hienen planten by de minsken yn behear jûn. Dêrtroch wie der ek in soad oanrin. Der stie ek profesjonele apparatuer.

De bewenner hat noed oer in nij ûnderkommen foar syn bisten en stress om't er se net fersoargje kinne soe. De Ried sjocht dêr gjin fersêftsjende omstannichheden. Neffens har is net hurd oantoand dat se sels en har bisten net tydlik op in oar plak telâne kinne.

(advertinsje)