Binnenfeart siket skippers en matroazen

30 maaie 2018 - 15:06

It personielstekoart op binnenfeartskippen is in grut en urgint probleem. De rederijen en branche-organisaasjes wolle dat mear jongeren sa gau mooglik de oplieding foar skipper of matroas krije. Dat is tiisdei ôfpraat op de fakbeurs 'Maritieme Industrie 2018' yn Gorinchem.

Der moat mear bekendheid komme foar it wurk yn de binnenfeart, want der is in protte wurkgelegenheid en de fertsjinsten binne prima. De opliedingen binnenfeart binne op de Maritieme Academie yn Harns. Dêr besykje se op koarte termyn mear learlingen te krijen, net allinnich út it noarden fan it lân, mar út hiel Nederlân.

It earste doel is op basisskoallen yn it hiele lân mear bekendheid te jaan oan de vmbo-opliedingen en de mbo-opliedingen op de Akademy.

Oan it roer by de binnenfeartsimulator - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies
(advertinsje)
(advertinsje)