"Gelukkig is het alleen materiële schade"

30 maaie 2018 - 14:27

Bûten liket it folle slimmer as binnen. De seis omfallen beammen oan De Plasse yn Langsweagen binne yn stikken seage en oer it hûs is in doek pleatst. Trije fan seis beammen foelen tiisdei troch in wynhoas op in pleats. Dêrtroch is in dakrút stikken gien en sit der yn ien sliepkeamer in grutte dûk. De gemeente sil woansdei en nei alle gedachten tongersdei noch dwaande wêze mei it opromjen fan de beammen en tûken.

Omfallen beam feroarsaket skea by pleats Langsweagen - Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Rond half acht zagen we in de verte de windhoos al aankomen. Ik zei tegen mijn vrouw, zou de eik voor huis het redden?

Eigener fan de pleats

Tiisdei om acht hinne oere kaam de wynhoas oer Langsweagen. De eigener fan de pleats en syn frou seagen it út de wenkeamer wei gebeuren. "In 20 seconden was het gebeurd." Seis beammen foelen om. Trije op it hûs.

Al gau dêrnei kaam de brânwacht fan It Hearrenfean en ek in ploech út De Gordyk. Dy hawwe oant healwei trijen nachts wurk hân om alles feilich te meitsjen.

Woansdeitemoarn om healwei achten binne de meiwurkers fan de gemeente kaam om de beammen yn stikken te seagjen en op te romjen. De wurkers tinke dat se hoe dan ek woansdei noch wol wurk hawwe yn Langsweagen.

De eigener hat woansdei frijnaam fan syn wurk en helpt de meiwurkers fan de gemeente mei opromjen.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld praat mei de bewenners fan de troffen buorkerij

"Gelukkig is het alleen materiële schade."

Gelukkig is het alleen materiële schade. Niks dat niet vervangbaar is. Wij hebben zelf niks aan de storm overgehouden.

Eigener fan de pleats
Beammen op de dyk - Foto: Jaring Rispens
(advertinsje)