Marrit van der Kort traint foar Mar-Athon Snits

Marrit van der Kort sette goed in jier lyn útein mei hurddraven. Doetiids folge Omrop Fryslân har en twa oaren yn it trajekt nei harren earste hurddraafwedstriid. Dy groep gie foar de 7,5 kilometer en allegear hellen se de einstreek.
Marrit van der Kort traint foar Mar-athon Snits
Mar wêr't guon hurddravers dan wer ophâlde, gie Marrit troch. Fan it iene kaam it oare en nei de maraton fan Snits folgen ûnder oaren de Joustermerkeloop (10 km) en de Dam tot Damloop (16 km). Der is no wer in nije útdaging: Marrit giet by de maraton fan Snits, op 23 juny, foar de heale maraton.
It hurddraven is wol ferslavend. Wolst hieltyd fierder!
Hurddraafster Marrit van der Kort
Marrit van der Kort traint foar de heale maraton yn Snits © Omrop Fryslân
Blog
Sûnt koart hâldt Marrit ek in blog by oer har hurddraafaventoeren. Ek is se op de sosjale media aktyf: "Op Facebook en Instagram set ik moaie foto's fan de trainings, ús groepke of bygelyks fan it moaie waar", fertelt se. Boppedat dielt se har ûnderfinings oer it hurddraven mei oare leafhawwers. En dat smyt somtiden wol wer aardige ynteraksje op: "Ik krij ek wol ris fragen oer hoe't ik bepaalde saken doch."
Hurddraafgroepke traint by De Jouwer © Omrop Fryslân
Training
Sa'n trije kear yn de wike traint Marrit mei in groepke oare Jousters foar de heale maraton yn Snits. Yn de omkriten fan De Jouwer dogge se ferskillende trainings. Alles om klear te wêzen op 23 juny, de dei fan it hurddraafevenemint yn Snits. Marrit sjocht út nei it momint wêrop se oer de einstreek komme sil: "Nei de tiid is it sa kicken. Dan bist sa bliid datst it allegear dien hast. Dan bin ik grutsk op mysels."
De radioreportaazje oer Marrit van der Kort