Bussjauffeurs yn Fryslân stake tongerdei opnij

Bussen yn Fryslân ride tongersdei amper of net. De fakbûnnen CNV en FNV hawwe in 24-oere staking oankundige yn trije regio's fan it lân, werûnder Fryslân. De bussen op de Waadeilannen ride wol en ek de buslinen fan Drachten nei Grins ride gewoan. De staking jildt allinnich foar it busferfier, treinen ride neffens de gewoane tsjintregeling.
Ferfierbedriuw Arriva advisearret har Fryske busreizgers te sykjen nei alternatyf ferfier. Fierders hâldt Arriva aktuele ynformaasje by op harren webside.