Maarten van der Weijden oer syn Alvestêdeswimtocht: "Het wordt een zware tocht"

30 maaie 2018 - 13:09

Noch 80 dagen oant de Alvestêdetocht fan Olympysk swimkampioen Maarten van der Weijden. Hy is al drok dwaande mei de tarieding fan it evenemint.

Maarten van der Weijden tusken Lekkum en Gytsjerk - Foto: 11stedenzwemtocht

It sil heve.

Maarten van der Weijden

Fan 18 oant en mei 20 augustus swimt Van der Weijden as earste de alvestêdetocht om jild yn te sammeljen foar kankerûndersyk. "Ik ben nog iedere dag dankbaar dat ik het geluk heb gehad om te genezen. Daarom zet ik mijn zwemtalent in om elf belangrijke onderzoeken te ondersteunen met de opbrengst van mijn tocht."

Yn alle alve stêden kinne minsken meiswimme. Maarten is folop yn training en makket fan 11 oant en mei 13 juny in lange trainingstocht fan it sintrum fan Amsterdam nei it sintrum fan Ljouwert. Mei elkoar in test fan sa'n 143 kilometer troch ûnder oare Starum en Boalsert nei Ljouwert. Hy makket gebrûk fan in spesjaal wetsuit, in ynnovative swimbril en in termometerpil.

Het wordt een zware tocht die het uiterste van mij gaat vergen. Maar dat geldt ook voor alle mensen die met kanker te maken krijgen.

Maarten van der Weijden
Tarieding 11stedenswimtocht - Foto: 11stedenzwemtocht

Maarten van der Weijden swimt sa folle as mooglik de bekende reedrydrûte fan 200 kilometer lâns de bekende Fryske stêden: Snits, Drylts, Sleat, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert, Harns, Frjentsjer en Dokkum. Nei trije dagen swimmen komt er yn it sintrum fan Ljouwert oan.

Yn elk fan de alve stêden kinne minsken in stik mei Van der Weijden meiswimme. Goed 5.000 swimmers hawwe harren al oanmeld om yn ien fan de Fryske stêden mei te swimmen. Mear dielnimmers binne wolkom.

Alleen zwemmen is natuurlijk niet genoeg. Kankerpatiënten hebben er pas wat aan als we gezamenlijk zoveel mogelijk geld binnenhalen voor onderzoek.

Maarten van der Weijden

Foar in lyts bedrach fan 11 euro kinst yn in stêd 500 meter of 2 kilometer meiswimme. Oanmelde kin noch: www.11stedenzwemtocht.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)