Fysioterapeuten yn aksje tsjin regeldruk

De regeldruk wurdt ek foar fysioterapeuten te grut. Guon soenen al ophâlde wolle mei it wurk. Tûzenen fysioterapeuten fiere woansdei aksje yn Den Haag tsjin dy regeldruk.
Fysioterapeuten yn aksje tsjin regeldruk
Pasjinten wurde de dupe, benammen groanysk sike minsken. Der binne in soad foarbylden fan pasjinten dy't troch it systeem minder behannelings krije as needsaaklik. De Twadde Keamer sil woansdeitemiddei prate oer regeldruk yn de soarch.
Fysioterapeut Sjoerd Bakker yn petear mei ferslachjouwer Ronnie Porte oer de regeldruk.