Europa stekt 330 miljoen euro yn Ofslútdyk

Europa stekt 330 miljoen euro yn de renovaasje en it modernisearjen fan de Ofslútdyk. It jild komt fan de Europese Investeringsbank. De Ofslútdyk wurdt de kommende jierren yngreven oanpakt. Europa finansiert dat wurk no foar.
Der komme ûnder oare nije kearslûzen foar de besteande skutslûzen yn Koarnwertersân en Den Oever om it wetter better tsjinhâlde te kinnen. De spuislûzen wurde renovearre en der wurde fiskpassaazjes ynboud om fisken maklik tusken de Waadsee en de Iselmar swimme te litten. It wurk moat yn 2022 klear wêze.
De slûs by Koarnwertersân © Omrop Fryslân, Joris Kalma

Ikoanysk projekt

In konsortium mei de bouwer BAM en baggeraar Van Oord hat de finansiering rûn foar it opknapwurk. Dat kostet yn totaal 550 miljoen euro. BAM en Van Oord krije elts 46 persint fan dat bedrach. De rest is foar de tredde partner, advysburo Rebel. De Europese Investeringsbank, de EIB, ferskaft in liening fan 330 miljoen euro foar 30 jier. It jild út Brussel is garandearre út it Europees Fonds voor strategische investeringen.
De EIB sjocht de Ofslútdyk as ien fan de wichtichste wetterkearingen om Nederlân feilich te hâlden. De bedriuwen binne ferantwurdlik foar it ûntwerpen, bouwen en finansieren fan it projekt. Ek nimme se it ûnderhâld foar 25 jier op har.
Dit ikoanyske projekt is ien fan de wichtichste redenen dat de Nederlanners drûge fuotten hâlde.
Vazil Hudak, foarsitter fan de Europese Investeringsbank
"Dit ikoanyske projekt is ien fan de wichtichste redenen dat de Nederlanners drûge fuotten hâlde", seit vice-foarsitter fan de Europese Investeringsbank, Vazil Hudak. "Yn dizze tiden van klimaatferoaringen is in stiigjende seespegel in hiel konkrete soarch foar de Nederlanners; en de EU-bank is optein de modernisearring fan dizze wichtige wetterkearing te stypjen."
De wurksumheden begjinne fan 't hjerst en moatte yn 2022 klear wêze. De opknapbeurt moat de Ofslútdyk stevich genôch meitsje om in stoarm te wjerstean dy't mar ien kear yn de tsientûzen jier foarkomt. Fierder wurdt de dyk sels feiliger makke, troch de flechtstroken breder te meitsjen.