Lanlik programma foar bergjen fleantúchwrakken út Twadde Wrâldoarloch

30 maaie 2018 - 11:56

Foar it bergjen fan fleantúchwrakken út de Twadde Wrâldoarloch moat in lanlik programma komme. Dat fine CDA en Christen Unie yn de Twadde Keamer. Frysk Keamerlid Harry van der Molen makket him sterk foar sa'n programma op lanlik nivo omdat in soad gemeenten it net dogge fanwege ferskate oarsaken.

Djoer

Bergjen fan fleantúchwrakken is hiel djoer en kostet in soad tiid. Van der Molen snapt dat en fynt dat it no op nasjonaal nivo oppakt wurde moat. Der binne noch sa'n 30 oant 35 fleantugen út de Twadde Wrâldoarloch dy't noch yn de grûn of ûnder wetter lizze yn Nederlân. Yn Fryslân binne dat der noch likernôch sân.

Van der Molen wol graach dat der faasje makke wurdt mei it bergjen fan de wrakken. Yn 2020 fiere we 75 jier frijheid. Dêr is hurd foar striden. Ut respekt foar de slachtoffers en de neibesteanden moat neffens Van der Molen it heft yn hannen nommen wurde.

Gjin Fryske wrakken op lanlike list

Oars as Van der Molen seit Alexander Tuinhout fan de Missing Airmen Memorial Foundation dat der gjin Fryske fleantúchwrakken op de lanlike list stean. Sy hâlde harren al jierren dwaande mei de wrakken en hawwe út Fryslân wei meiwurke oan de lanlike list.

Mei it útgraven fan it Lancaster-wrak yn de Alde Feanen en in wrak foar de Fryske Iselmarkust ha de gemeenten hjir al hiel aktyf west. It iennige wrak op lân dêr't noch in stoflik omskot yn sit, is in Dútske jager yn it Noarderleech.

Foarearst binne Dútske fleantugen net yn byld foar help fan it Ryk. Ek wrakken op see wurde net meinaam, omdat de lokaasjes meastentiids net bekend binne en der relatyf net folle oer is fan mooglike stoflike omskotten.

(advertinsje)
(advertinsje)