Jubileumedysje Frou Rock giet troch, nettsjinsteande swiere mishanneling

De organisaasje fan Frou Rock yn Froubuorren lit de jubileumedysje fan takom jier der net om oergean, mar fynt it wol hiel slim wat der de ôfrûne sneon barde yn harren feesttinte. Dêr waarden twa minsken út Bitgummole swier mishannele. Takom jier wurdt de 30e edysje hâlden. "Wy betreure it ynsidint en binne tige teloarsteld dat dit bard is op Frou Rock. Wy hoopje dan ek dat de slachtoffers der gau wer boppe-op komme", seit Christian van der Mossel fan de organisaasje.
Organisaasje Frou Rock
It ynsidint fan ôfrûne wykein is gjin reden om de jubileumedysje fan takom jier net trochgean te litten, fynt de organisaasje. "It jubileumfestival fan takom jier giet gewoan troch. En wy wolle dat feest dan ek opdrage oan de slachtoffers fan ôfrûne wykein. Litte wy soargje dat it in knalfeest wurdt, sûnder dizze relskopperij." De organisaasje bringt kommende freed in besite oan de twa slachtoffers.
Christian van der Mossel fan de organisaasje fan Frou Rock
De fjouwer fertochten fan de mishanneling binne tiisdei oppakt. De plysje hie earder tsjûgen frege oft se har melde woene. Neffens de organisaasje stiet de mishanneling fan ôfrûne wykein los fan in geweldsynsidint fan in pear wiken lyn yn Froubuorren.