Test mei 'belevingsvlucht' fan Boeing is "foar de bühne"

30 maaie 2018 - 11:45

Mei in Boeing wurdt woansdei in saneamde 'belevingsvlucht' útfierd boppe in diel fan ûnder oare Fryslân en Grinslân. Doel is dat bewenners fan de gebieten ûnder de fleanrûtes it lûd fan in fleantúch yn har eigen omjouwing ûnderfine kinne.

De Boeing 730-800 fan Transavia fljocht woansdei om 15.20 oere fan Schiphol ôf en komt twa kear oer Wolvegea hinne, twa kear oer Laaksum en oer De Jouwer, Drachten en Appelskea.

Boeing 737 - Foto: Wikipedia, Creative commons

We binne fral benijd nei it lûd fan in Boeing, hoe klinkt dat op 1800 meter?

Stans Lowie

By Laaksum sitte in pear bestjoersleden fan Doarpsbelang Warns oan de Iselmar om te hearren hoe't it liket. Nei aksjes is de rûte wol wat ferlein en wurdt net mear oer Balk en Starum flein, mar dochs binne der noch wol soargen. "We ha noch noed oer Laaksum en natuergebiet de Mokkebank dêr flakby, dêr komme se wol oerhinne," seit Stans Lowie. "We ha gjin idee fan dat lûd no. We hoopje dat it tafalt, dat we sizze dat we hjir mei libje kinne."

Stans Lowie

Deze test is voor de bühne.

Rob de Wind

Rob de Wind is fan 'Laagvliegen Nee', hy wennet yn Munnikebuorren. Hy neamt dizze flecht mei de Boeing gjin goede test. "Dit vliegtuig vliegt zonder bemanning, dus maakt minder geluid. Bovendien gaat het nu maar om een keer, maar het gaat straks om honderd keer per dag, van 6 uur tot 23 uur. De test laat dus niet de realiteit zien, maar kost wel anderhalve ton aan belastinggeld."

Wat neffens him wol reëel wêze soe, is fjirtjin dagen lang neffens it echte skema fleane. "In een recent rapport stond dat de 45.000 vluchten kunnen worden uitgebreid naar 225.00 per jaar, daar is de baan geschikt voor. Dan krijgen we er dus een soort Schiphol bij."

Rob de Wind

De flecht is organisearre troch it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat op fersyk fan de bewenners en oare belutsenen. Sy binne benaud foar lûdsoerlêst fan de fleantugen dy't leech oerkomme.

Mear ynformaasje oer de rûte en de tiden is te finen op de belevingsvlucht.nl. Op dizze webside wurde ek de resultaten fan de lûdsmjittingen en de ûnderfiningen fan de bewenners dield.

Trefwurden: 
Boeing Lelystad Airport
(advertinsje)
(advertinsje)