Brân yn snackbar Drachten
Brân yn snackbar Drachten
Yn snackbar 't Haantje oan de Schwartzenberghlaan yn Drachten hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei brân west. It fjoer bruts om fjouwer oere hinne út. Doe't de helptsjinsten der wiene, wie der al flinke skea oan de bûtenkant fan de saak.
Twa minsken dy't neist de snackbar wenje, moasten koarte tiid harren hûs út fanwegen de brân. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De snackbar hat flinke reek- en wetterskea oprûn. Hoe't de brân ûntstean koe, is noch net dúdlik.