Kollum: "Terras"

30 maaie 2018 - 08:07

"Dit is in iepen brief oan de measte hoareka-ûndernimmers yn Fryslân. It is jim waar. Ja, der binne minsken dy't op in elektrryske fyts troch de greiden jakkerje en dêr dan it skitterjende Lonely Planet lânskip huldigje. Der is ek sjongen en dûnsjen fan de eigen mienskip. Elk fynt al dy kulturele inisjativen hiel fertederjend. Dus dêr gean we hinne. Der binne ek lju dy't stappe yn in sloepke, dêr binne der mear fan as BM-ers. Se farre in eintsje, de frou leit foaryn, de man stjoert en tusken har yn stiet it kuolkastke. Weelde. De boeren meane de piipkrûdblommeberms út ferfeling, want se binne yn de greide earst wol klear. En al dy lju dy't oan it wurk moatte, ha it smoar yn, lykas pensionado's dy't te faak earne ja tsjin sein ha.

De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

Mar oan it ein fan de dei komme we allegear by jim. Op it terras. Dêr wolle we in kopke kofje ha. Of in kâlde iistee. Of meast in pilske. Dus we rinne in terras op. Sykje in plak (nee, dan sit ik net yn de sinne, of nee dan sit ik yn de sinne), sjogge efkes om je hinne en stekke dan de hân op nei it yn de doar steande lid fan it terraspersoniel. Dy sjocht de oare kant út. Of faget mei in doekje in leech taffeltsje ôf. Of giet mei in leech kopke nei binnen. Rookt dêr in sigretsje. Giet nei de wc. Wat al net. Mar hat noch nea jo kant útsjoen. Dan gean je dêrhinne en freegje, soene jo mei wol in kop kofje bringe kinne. Nee seit se, dan moatte je by myn âldere kollega wêze. En dan rint se gau fuort want oars soene jo miskien noch freegje oft se dy kollega dan ek loswuolje kinne soe fan it gysgobjen yn 'e keuken. It duorret efkes, ik ha ek al minsken fuortgean sjoen.

Soks, achte hoareka-ûndernimmers, is jim skuld. Nee, jim sjogge it net. Jim dogge dat sels altyd wol goed, mar as it sa drok is, moatte jo de kok helpe want dy moat appeltaart mei slachrjemme, kroketten, gehakballen, kopkes sop oant de meast fantastyske diners klear meitsje. Wy frette en sûpe wat ôf op dy terrassen. En as it lemieren fan de oare dei sawat begjint as de lêsten it terras ôfrôle binne, as alles skjin en oprêden is, en it measte foar de oare dei wer klear stiet, dan ha je noch fiif minuten mei in eigen pilske om te antwurdzjen. "We kinne gjin personiel krije". Ik ha't oeral heard.

Ik moat earlik sizze, ik krige hast meilijen mei jimme. Earme lju, kinne gjin personiel krije. Is de jeugd finansjeel sa ûnôfhinklik wurden dat se inkeld oan de goede kant fan de taap sitte wolle? Is it wurk sa swier, dat we miskien wer personiel út de tredde of fjirde wrâld helje moatte, al is dat lestich, je fersteane elkoar net. Wat dogge dy bern yn al dy wiken fakânsje, sitte se dan yn in hoekje wat te boartsjen mei de mobyl? Binne de minsken op dy terrassen sa lestich , dat je der net tusken rinne wolle. Is servearjen in ferkearde term foar de jeugd, te tsjinstich? Wolle de âlders net dat se op jim terrassen ek mohammedanen en homo's ta tsjinst binne. Bliuwe jim allegear wol mei de hannen fan dy bern ôf?

Mar hoareka-ûndernimmers fan Fryslân, it is wat oars. As in famke 50 minsken op it terras betsjinnet, dan fangt se yn in oere it bedrach wat ien fan dy fyftich yn dat oere opsûpt. It jild fan dy oare 49 krije jim. Miskien wat oerdreaun, mar ik sjarzjearje wat om jim begripe te litten dat jim, en wy dus ek, der folle mear oan ha soenen as it terras- en oare personiel wat better betelle wurdt oer it generaal. Dan krije jim se wol wer, want wy binne allegear Nederlanners, dus sjoch nei jild.

En as se dan wer komme en betelle wurde, dan kinne jim se miskien efkes fertelle dat as se ek in kear nei sa'n swaaiende earm sjen wolle. En dan sizze as se dêr op yngeane, dat der dan miskien wol mear te fertsjinjen is."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)