Erwin Zeinstra klear foar WK fuotbal

30 maaie 2018 - 07:43

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp hat woansdei yn Zeist mei syn skiedsrjochterteam (team Kuipers) in parsebyienkomst. Dat hat alles te krijen mei it oankommende wrâldkampioenskip fuotbal yn Ruslân. Zeinstra mei foar de twadde kear yn syn karriêre optrede op in WK. Fjouwer jier ferlyn yn Rio wie er der ek by.

Erwin Zeinstra - Foto: www.orange-pictures.nl

It skiedsrjochtersteam fan Björn Kuipers is der neffens Zeinstra klear foar. Se hawwe in oantal trainingskampen hân om goed op elkoar ynspile te wêzen. "Wy oefenje op de gearwurking tusken de skiedsrjochter, it team op it fjild en de fideo-skiedsrjochter, dy't de bylden weromsjocht."

Erwin Zeinstra

Fan Zeinstra mei it WK wol begjinne.

Fideo-skiedsrjochter

It brûken fan de fideo-skieds op in WK is nij. "Wy ha foar it earst in WK mei in fideo-skiedsrjochter. Dus wy ha ek oefene op oertrêdingen op de râne fan de 16. Dêrby besjogge wy oft dy oertrêdingen der krekt binnen of bûten binne. En we oerlizze wy mei de fideo-skiedsrjochter", seit Zeinstra.

Fan de Fries mei it WK wol begjinne. "Dit is it heechst helbere wat der is. It is sa'n grut evenemint. Dat is ongekend!" It WK yn Ruslân set útein op 14 juny.

(advertinsje)