Wynhoas yn Langsweagen

29 maaie 2018 - 22:56

De swiere tongerbuien ha op ferskate plakken yn Fryslân foar flink wat oerlêst soarge. Yn Langsweagen gie troch in wynhoas in oantal beammen tsjin 'e flakte, oer in lingte fan mear as 500 meter. Trije beammen kamen op in pleats telâne en dat soarge foar de nedige materiële skea.

Beammen op de dyk - Foto: Jaring Rispens

Op De Tynje foel in beam op twa huzen. By it opteakeljen fan de beam foel dy op 'e nij op 'e huzen. Ek dêr ûntstie skea. Der wie gjin persoanlik letsel. By Stiens fleach in beam yn 'e brân en yn Ljouwert wie der bliksemynslach, mar bleau brân út. Ek wie der op ferskate plakken yn 'e provinsje wetteroerlêst.

Neffens Veiligheidsregio Fryslân wie de situaaasje yn Súdeast-Fryslân it slimst.

(advertinsje)