Mear reizgers yn it iepenbier ferfier

29 maaie 2018 - 22:36

It tal minsken dat mei it iepenbier ferfier reizget, is yn 2017 mei fiif prosint tanaam. Dat makket de provinsje Fryslân bekend. Benammen yn Súdeast-Fryslân is it tal bussen dat rydt tanaam. Ek ride der wat mear treinen.

In bus fan Arriva op it busstasjon yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De groei komt mei trochdat yn 2017 minderjierige MBO-learlingen ek fergees yn it iepenbier ferfier reizgje mochten. It tal klachten is wol wat tanaam, mar dat komt neffens deputearre Johannes Kramer troch der in soad omliedings wienen yn de stêd Ljouwert.

De provinsje is al drok dwaande mei it iepenbier ferfier fan 2020 en letter. De ynset is dan dat der emisjefrij riden wurde moat.

(advertinsje)
(advertinsje)