Moai Skarsterlân wol âlde singel behâlde

29 maaie 2018 - 21:35

Der is noch 478 meter oer fan de Alde Omkromte; it âlde paad tusken De Jouwer en Langwar. Moai Skarsterlân wol dat je der wer kuierje kinne, mar de oanwenners sjogge dat net sitten. De Ried fan Steat sjocht der no nei.

Omkromte, De Jouwer - Foto: Google Streetview

De feriening Moai Skarsterlân hat by de Ried fan Steate yn Den Haag tiisdei frege om in âlde singel iepen te stellen foar it publyk en te behâlden. De hast 500 meter lange singel by de Koailean makke earder diel út fan it 500 jier âlde kuierpaad de Alde Omkromte tusken De Jouwer en Langwar. Omwenners hawwe de singel yn eigendom en ha it paad ôfsletten foar kuierders.

Gemeente De Fryske Marren gie dêr earst yn mei, mar de bestjoersrjochter net, omdat it offisjeel sjoen noch hieltiten in iepenbiere dyk is. Wat de gemeente no krekt mei it paad wol, bleau op de sitting wat ûndúdlik. Op foarstel fan Moai Skarsterlân wol de gemeente wol prate oer de komst fan in alternatyf paad. De Ried fan Steate docht oer in pear wiken útspraak.

Trefwurden: 
De Jouwer paad singel
(advertinsje)