Ynternasjonale keunstners folje 499 sielepanielen

29 maaie 2018 - 20:35
Colorfield Performance - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Toeristen en oare belangstellenden dy't dizze simmer nei Sleat komme om de nije fontein fan de Eleven Fountains te besjen, kinne ek hast net om it Land Art-projekt 'Colorfield Performance' fan de Snitser keunstner Dirk Hakze hinne. At je in kuier meitsje oer it stikje bolwurk en efkes ho hâlde by it kanon, sjogge je de panielen stean. De foarsten al beskildere, de eftersten noch wyt.

Keunstners, dat binne bytiden bysûndere fûgels. Tenminsten, dat fynt keunstner Dirk Hakze. It like him fantastysk om yn it ramt fan Kulturele Haadstêd in hiele grutte groep keunstners by inoar te setten en har ien grut keunstwurk meitsje te litten. Yn de bûtenloft... en dus stean der yn Sleat no 499 panielen yn de greide. Opsteld yn in grutte trijehoeke mei siden fan 144 meter. Oant en mei ein septimber komme der alle dagen in hânfol keunstners út lannen út hiel Europa nei Sleat om in paniel op te fleurjen. De minsken hoege har mar oan ien regel te hâlden: it keunstwurk moat kleur ha.

Kunstenaars zijn superindividualisten, maar samen vormen ze ook een gemeenschap.

Dirk Hakze, inisjatyfnimmer Colorfield Performance

Yndividualisten as mienskip

Neffens Hakze is it unyk wat der yn Sleat bart. Net earder soenen safolle keunstners oan ien Land Artprojekt wurke hawwe. "Kunstenaars zijn superindivualisten. Ieder mens denkt dat hij het middelpunt van de wereld is. Kunstenaars hebben dat in het kwadraat, en dat levert ook wel eens problemen op." It like Hakze fantastysk om mei 400 oare keunstners ien grut keunstwurk te meitsjen. Sels folt hy 99 fan de 499 panielen fan it Colorfield Performance. "Ook al zijn kunstenaars dus superindividualisten, samen vormen ze ook een gemeenschap."

Tieneke van Montfort wol minsken de keunst fan it genietsjen bybringe - Foto: Omrop Fryslân

Boartsje

"Als je aan komt lopen, lijken de 499 schilderdoeken net zonnepanelen", seit keunstner Tieneke van Montfort. "Maar als je goed kijkt, zijn het eigenlijk zielenpanelen", filosofearret se fierder. "Iedere kunstenaar geeft zich in deze weide als het ware een beetje bloot." Dat is ek har boadskip: doar te genietsjen en fiel dy frij. Keunst en it libben binne pas moai at se net oan strakke regels bûn binne.

Keunstner Hein van Delft leit toeristen út wat hy makket - Foto: Omrop Fryslân

Boadskip

De measte keunstners wolle graach in ferhaal fertelle, in boadskip oerbringe. De Amsterdamske keunstner Hein van Delft makket fan sân, klaai en fean fan Fryske boaiem en stikjes overall en klean in keunstwurk. "Met deze grondsoorten van Friese bodem wil ik laten zien dat wij een verantwoordelijkheid hebben. Het gaat niet goed met onze grond en ik hoop dat mensen zich daar bewust van worden."

Wat wolle keunstners fertelle oan it publyk?

Ferslachjouwer Froukje Sijtsma makke in kuier tusken de keunstpanielen en prate mei keunstners Annemarie van der Wurf, Hein van Delft en Ella van der Veen
(advertinsje)