Wurkstraf foar rabberij op Facebook

29 maaie 2018 - 19:05

In frou (52) út Wolvegea hat in wurkstraf fan 24 oeren krigen, omdat se in man op Facebook ûnterjochte beskuldige hat fan seksueel misbrûk. Se hie de man mei namme en tanamme neamd. De frou hie fan in buorfrou heard dat in man dy't wolris op har bern past hie, him skuldich makke hie oan seksueel misbrûk. Se waard dêr sa lulk oer, dat se dat op Facebook sette.

Vrouwe Justitia - Foto: ANP

De man die oanjefte fan smaad. It slachtoffer sei op de sitting dat it foarfal in soad ympakt hân hat. Der waard nachts by him oanbelle en by him op de ruten slein. Hy doart de doar hast net mear út en jout ek gjin skaaklessen mear.

De frou bea op de sitting har ekskús oan. Mar it slachtoffer hie dêr net folle oan. "Als u wist wat voor schade u hebt aangericht, zou u zich schamen om uw excuses aan te bieden", sei er yn de rjochtseal. Njonken de wurkstraf moat de frou ek in skeafergoeding fan 581 euro betelje.

(advertinsje)