Donorbern Betty Veldman wer stikje fierder yn syktocht nei har biologyske heit

Petear-donorbern-FNO180529CE
Al acht jier siket Betty Veldman har donorheit en der komt no einlik skot yn de saak. Begjin maaie krige se berjocht dat se in DNA-match hat mei in famyljelid fan har biologyske donorheit. Mei help fan in donordetektive, dy't har stambeam útpluze hat, hat se de nammen fan fjouwer mannen dy't har heit wêze kinne.
Yn 2010 krige Betty te hearren dat har heit, dy't yn 2000 stoarn is, net har echte heit wie. Har mem hie 31 jier lyn gebrûk makke fan in anonime donor by de Kremerklinyk yn Grins. Dêrnei krige Betty it gefoel dat se wat miste yn har libben en begûn se har syktocht nei mear ynformaasje. Yn desimber 2017 fertelde Betty har ferhaal yn Fryslân Hjoed.
Betty hat in Facebookgroep Kremerkids oprjochte foar donorbern en donoaren dy't ferbûn binne oan de Kremer fertiliteitskliniken yn it noarden. Mei dizze groep wol Betty der foar soargje dat donorbern en donoaren oan inoar keppele wurde kinne. En dat slagget. Trochdat hieltyd mear minsken DNA ynleverje by databanken yn Nederlân en Amearika komme ek yn dizze groep matches. Mar oant no ta smiet it noch gjin match foar harsels op.

DNA

Betty is net allinnich, nei skatting binne der foar 2004 sa'n 40.000 donorbern mei in anonime donorheit. Pas yn juny 2004 waard de Wet Donorgegevens Kunstmatige Bevruchting fan krêft, dy't ynhâldt dat in donorbern fan 16 jier ôf gegevens opfreegje kin oer de donor. Mar de measte gegevens dêrfoar binne ferneatige wêrtroch't donorbern fia DNA-databanken sykje nei harren donor, broers of sussen. Dat hat Betty ek dien. Se hat by ferskate ynstânsjes DNA ynlevere, mar oant in pear wike lyn nea in famyljelid fûn.
"Fia de webside MyHeritage krige ik einlik in berjocht dat der in DNA-match wie." Ien út de famylje fan har donorheit hie ek DNA ynlevere en dat waard keppele oan dat fan Betty. It is in treddegraads nicht. "Ik wie echt oerrompele. Einlik in ljochtpuntsje nei safolle jierren fan sykjen."
Betty Veldman © Omrop Fryslân

Donordetektive

Nei it berjocht komt Betty fia de Facebookgroep Donordetective yn kontakt mei Ivo van Halen. Hy is sels donorbern en hat syn donorheit al fûn fia MyHerritage. "Ik heb mijn DNA ingestuurd na een uitzending van Pauw. Hij had een aantal donorkinderen in de uitzending en daar leek ik wel erg op." Nei in pear moannen krige er de útslach: syn biologyske heit hie ek DNA ynlevere en wennet op fiif kilometer by him wei. Sûnt dy dei yn july 2017 hat er in soad kontakt mei syn healbroer en sus, mar hat er syn donorheit noch net moete. "Ik heb een soort van loyaliteitsgevoel naar mijn vader die mij heeft opgevoed, dus nu heb ik daar nog geen behoefte aan. Maar die ontmoeting gaat er zeker komen."
Ivo stipet no as donordetektive ek oare donorbern yn harren syktocht. Dit docht er troch de stambeam út te sykjen, sadat se der efter komme wa't harren donorheit is. "Ik vind dat iedereen recht heeft op informatie over waar ze vandaan komen en watvoor genen ze hebben," seit er. Ivo fertelt dat it no syn hobby wurden is. "Het is net een soort puzzel die je aan het maken bent. Een grote sudoku die je moet oplossen. Ik vind het erg leuk."
Oerenlang sit ik Facebook ôf te sneupen om te sjen oft ik foto's fan de manlju fine kin. Miskien lykje ik wol op ien. Dat ik mysels yn ien werken.
Betty Veldman, donorbern

Stambeam

Foar Betty's stambeam is Ivo begûn mei de match dy't se fûn hie, in treddegraads nicht. Ivo: "Je kunt zien dat dat haar nicht is omdat ze centimorgans met haar deelt. Dit zijn eenheden in je DNA. Je hebt er 3200 van je moeder en 3200 van je vader. Betty en die nicht hadden 133 gedeelde eenheden." Fia dizze match hat Ivo noch twa oare frouljyu fûn dy't ek dielde genen ha mei Betty. Dizze froulju ha sels ek al in stambeam stean op MyHerritage.
Troch alle stambeammen fan de froulju oan mekoar te keppeljen, mar ek troch ûndersyk nei bertesertifkaten, ferstjerberjochten en oare websides as allefriezen.nl, is Betty har stamboek no kompleet. Ivo hat 350 famyljeleden fûn dy't weromgean oant 1840.

Donorheiten

Mar dêr hâldt de syktocht noch net op, want nei oanlieding fan de stambeam binne der fiif mooglike donorheiten. Betty: "It binne allegear broers en neven fan mekoar en ien dêrfan is stoarn. Ik ha ien fan de manlju in brief stjoerd en dy hat reagearret dat hy net myn heit is." Mar Betty har syktocht giet fierder. "It is ûnwerklik om no sa ticht by it antwurd te wêzen fan wa't myn biologyske heit is."

Wat no?

Betty wol eins it leafst oanbelje by alle mannen om te freegjen oft se har heit binne of net, mar se wit ek dat dat net samar kin. "Ik bin my der ek goed fan bewust dat myn donorheit der foar keazen hat om anonym te donearjen. Hy hat no wierskynlik in gesin en ik wol ek net dat er dêr skea troch krijt." Betty hat dêrom help ynskeakele dy't alle manlju benaderje sil. As it goed is wit se oer in pear wiken wa't har heit is.