Wetterskip Fryslân: en no op nei de nul muskusrotten

29 maaie 2018 - 17:43

Wetterskip Fryslân hat de muskusrottepleach 'ridlik ûnder kontrôle', skriuwt de Unie van Waterschappen yn in rapport. Yn grutte dielen fan Fryslân binne noch mar in bytsje muskusrotten oer. Dochs is it wetterskip net fan doel om de bestriding ôf te bouwen. Klustermanager muskusrottebestriding Kees Munting seit sels te strjibjen nei in 'muskusrôt-skjin Fryslân'. Dat doel wurdt net samar berikt, want yn Grinslân, Oerisel en Flevolân binne noch folop muskusrotten, en dy kinne fansels samar nei Fryslân swimme.

Ynspeksje fan de Tsjommer Feart troch meiwurkers fan Wetterskip Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

Wetterskip Fryslân stjoert dêrom geregeld Fryske rottefangers nei Grinslân om de buorlju te helpen. It mes snijt dan oan twa kanten: de Fryske rottefangers hâlde har fak by en eltse muskusrôt dy't yn Grinslân fongen wurdt, kin net mear nei Fryslân swimme. "Je moatte it byhâlde", seit ek rottefanger Abel de Boer. "Ien spantsje kin yn in jier tiid wol foar 38 neikommelingen soargje en dan giet it hurd."

De Boer hâldt it wetter yn 'e omkriten fan Frjentsjer yn de gaten. Yn de Tsjommer Feart fong er tsien jier lyn noch wol in pear tûzen rotten yn it jier, mar dizze maaitiid sit der net ien mear. De natoer knapt der fan op. De Feart hat wer folle reidkragen, de wâlskanten bliuwe moai geef en it tilt op fan de pompeblêden.

Omdat de rottebestriding minder tiid kostet, hawwe de rottebestriders der no ek oare taken bykrigen lykas ynspeksje fan de wâlskanten en de fiskmigraasje.

Kees Munting fan Wetterskip Fryslân

Muskusrottefangers Abel de Boer en Gerrit-Jan Herrema

(advertinsje)