Ate 'Jo momint' Wiersma wurdt hûndert jier

Ate 'Jo momint' Wiersma wurdt hûndert jier
Ate Wiersma fan Wommels is bekend fan Omrop Fryslân telefyzje en is tiisdei hûndert jier wurden. Hy wennet noch selsstannich en is tankber dat hy sa âld wurde mei.
Hjoed is it grut feest yn Wommels © Omrop Fryslân
Ate: "Ik fyn it in foarrjocht om hûndert jier te wurden. De kalinder seit it, mar ik fiel it net. Je soene dochs sizze dat je no wat swakker wêze moatte of de boel net mear ûnthâlde kinne." Mar Ate is superfit en dat komt tinkt hy troch de sûpengroattenbrij. En in bearenburchje op syn tiid giet der ek noch wol yn.
Twa jier lyn wie Ate Wiersma de haadrolspiler yn de oprop foar in 'Jo momint'-filmke foar it tv-programma Hea!. Ate rôp minksen op om in eigen momint te filmjen en op te stjoeren. Noch alle wiken komme der in soad filmkes binnen by Hea!, dy't ek útstjoerd wurde.
Ik fyn it in foarrjocht om hûndert jier te wurden.
Ate Wiersma
Troud yn de oarloch
Wiersma is berne yn Reahûs op deselde pleats dêr't syn pakesizzer no buorket. Nei de Mulo gie hy nei de Rykswinterskoalle. Leare wie net syn sterkste punt en doe't hy fan skoalle ôfkaam, gie hy daliks op de buorkerij by heit en mem oan it wurk. Yn 1942 is Wiersma troud en hy en syn frou ha trije bern krigen. It moaiste oantinken yn dy hûndert jier wie harren 25-jierrich houliksfeest. Doe't Wiersma en syn frou trouden wie it midden yn de oarloch en koene se net in grut feest ha. Dat ha se letter efkes goed ynhelle.
Wiersma wennet op dit stuit noch altyd selsstannich yn Nij Stapert yn Wommels. Hy docht alles noch sels en dêr is hy grutsk op.