Provinsje stelt jild beskikber om greidefûgelstân te ferbetterjen

Skries yn it boerlân © OF
De provinsje jout 82.000 euro subsydzje foar ûndersyk nei effektive maatregels om it tal greidefûgels yn it reguliere boerelân omheech te krijen. It ûndersyk wurdt de kommende trije jier útfierd troch it Louis Bolk Instituut, de feriening Noardlike Fryske Wâlden en gebietskoöperaasje it Lege Midden om Aldeboarn hinne. Mei it ûndersyk hopet de provinsje boeren, dy't in regulier bedriuw hawwe, hânfetten te jaan om dochs wat foar de greidefûgels te dwaan. De proeven sille trije jier duorje.
Provinsje stelt jild beskikber om greidefûgelstân te ferbetterjen