Fertochten oanhâlden nei mishanneling by Frou Rock

29 maaie 2018 - 17:09

De plysje hat fjouwer fertochten oanhâlden foar de mishanneling fan twa manlju út Bitgummole op it festival Frou Rock yn Froubuorren ôfrûne wykein. De plysje hie earder tsjûgen frege oft se har melde woene. De slachtoffers ha gjin idee wêrom't se mishannele binne. Se binne sels al fiif jier organisator fan in oar festival yn Bitgummole. it Súdhoeke Beachfestival, mar nei oanlieding fan de mishanneling ha se besletten dêr mei op te hâlden. De organisaasje fan Frou Rock seit dat dy it ferskriklik fynt wat der bard is en beriedt him op de takomst.

facebookside Súdhoekster festival - Foto: of Simone Scheffer

Der is troch de plysje, mar ek troch de slachtoffers sels, frege om filmkes en tsjûgen fan de mishanneling, mar oant no ta hat noch net ien 'm meld. De plysje docht dêrom opnij in oprop.

(advertinsje)
(advertinsje)