Festivalcampings yn Ljouwert betelje pas takom jier toeristebelesting

Foodcaravan op Welcome To The Village © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De tydlike festivalcampings yn natoergebiet de Griene Stjer yn Ljouwert hoege dit jier noch gjin toeristebelesting beteljen. Dat hat b&w besletten. De gemeente makket foar de trije festivals Welcome to the Village, Into the Grave en Psy Fi in útsûndering, om't de festivals oars yn finansjele problemen komme.
Wethâlder Sjoerd Feitsma fan de gemeente Ljouwert
Wy binne hjir hiel bliid mei! De marzjes op ús festivalbegrutting binne lyts, 10.000 euro ekstra wie in probleem wurden.
Bianca Pander, Welcome to the Village
De festivals binne net op 'e tiid ynformearre oer it ynfieren fan toeristebelesting foar de tydlike campings. Dêrtroch hienen de organisaasjes fan de festivals ek gjin kâns mear om de belesting yn de tagongskaartsjes te ferdiskontearjen. Fan 2019 ôf moatte de festivals dan wol toeristebelesting betelje foar de tydlike campings.